Harmonie fart mei It Parfum nei Smelle Ie

DRACHTEN

Utjouwerij Regaad presintearret tongersdeitejûn 24 maaie syn nijste boek: Patrick Süskind syn wrâldferneamde misdiedroman It Parfum, oerset troch de Burgumer frisist en neerlandikus Jan Popkema.

Süskinds roman is al yn 55 talen oerset, mear as 20 miljoen kear ferkocht en waard yn 2006 ferfilme. De presintaasje fynt plak midden op de Smelle Ie, op de Drachtster rûnfeartboat Harmonie. Dêr sille Hein Jaap Hilarides en Elmar Kuiper muzyk meitsje en poëzij foardrage. Boppedat sil Parfum-kenner dr. Henk Harbers (RuG) de oanwêzigen fertelle hoe knap oft Süskinds boek eins yninoar stekt.

Belangstellenden kinne meifarre om de presintaasje by te wenjen. de boat fertrekt om 19.30 fan de Loswâl ôf en komt om 22.30 werom. De tagong is fergees, mar fanwegen it beheinde tal plakken op de boat is it oan te rieden om foar 22 maaie oan te melden fia ynfo@regaad.nl ûnder fermelding fan ‘Oanmelding Parfum’.

Sjoch ek www.regaad.nl


Auteur